Alynia Architecten makket ûntwerp nije sporthal Burgum

15 nov 2018 - 22:06

It Harnzer arsjitekteburo Alynia Architecten mei in ûntwerp meitsje fan de nije sporthal yn Burgum. Dat moat dan al yn gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel en brûkers. De âlde sporthal Westermar waard goed in jier lyn ferneatige by in brân. "Alle clubs die gebruik maakten van de Westermar hebben onderdak", seit wethâlder Gelbrig Hoekstra, "maar we willen natuurlijk zo snel mogelijk een nieuwe sporthal."

Foto: Marcel van Kammen

It hiele projekt wurdt útfierd troch de gemeente, de arsjitekt en in oannimmer en ynstallateur. De seleksje foar dy lêste twa is yntusken ek úteinset. De gemeente hopet dat yn jannewaris rûn te hawwen. Begjin takom jier moatte ek de ûntwerpen en finansjele ûnderbouwing klear wêze. Dan kin de gemeenteried in beslút nimme.

De bou set dan yn de simmer fan 2019 útein. De bedoeling is dat se de sporthal yn de simmer fan 2020 brûke kinne.

Grutte brân

De Westermar brânde op 4 oktober 2017 folslein út. De hal wie op dat stuit al ta oan grut ûnderhâld. In groep ynwenners wie dêr al by belutsen. Dyselde minsken ha oanjûn mei de gemeente gearwurkje te wollen by it plan foar de nije sporthal.

Trefwurden: 
Burgum sporthal Westermar
(advertinsje)