Twa Fryske bedriuwen winne Gouden Gazelle

15 nov 2018 - 21:56

Fan de trije gouden Gazelle Awards dy't it Financieel Dagblad dit jier yn it Noarden útrikt hat, binne der twa nei Fryske bedriuwen gien. It giet om GroenLeven op It Hearrenfean en ProboSign út Dokkum.

Foto: ProboSign

De awards gean nei bedriuwen wêrfan't de omset de ôfrûne trije jier op syn minst tweintich prosint groeid is. GroenLeven skoarde dêrby it bêst by de middelgrutte bedriuwen, ProboSign by de grutte.

Ek tsien oare Fryske bedriuwen krigen in award. De measte noardlike prizen giene nei bedriuwen yn Grinslân.

(advertinsje)