Jan Huitema: Ferset tsjin Frânske jacht op greidefûgels

Nederlânske politisy yn it Europeesk Parlemint wolle dat Brussel wat docht oan de jacht yn Frankryk op de beskerme greidefûgel. Yn it noardwesten fan Frankryk wurdt jage op wylpen en fan 2020 ôf wurdt de jacht op de skries mooglik ek wer tastien. "Dit kin dochs net wier wêze? Wylst Nederlânske en Belgyske boeren en natuerorganisaasjes de skries of wylp beskermje."
Skries © Henk Bootsma
Yn Frankryk mochten se de ôfrûne tsien jier net op skriezen sjitte, mar dat ferbod is no mei ien jier ferlinge. Dat it ferbod net langer ferlinge wurdt, is reden foar de eangst dat de jacht op de 'kening fan de greide' wer iepene wurdt.
De Twintske CDA-Europarlemintariër Annie Schreijer-Pierik fynt it skeef: "De provincies hebben met vele miljoenen euro's Europese steun gewerkt aan weidevogelbeheer. Niet alleen in Nederland, ook in Vlaanderen en andere lidstaten."

Europeeske doelstellingen

EU-lannen binne ferplichte om kwetsbere fûgelsoarten te beskermjen. De Frânske jacht giet dêrom neffens Schreijer-Pierik streekrjocht tsjin Europeeske doelstellingen yn. "Grootschalige afschot van de grutto zou het toppunt zijn en ernstige grensoverschrijdende effecten hebben."