UPDATE: Deade troch oanriding mei trein by Grou

By in oanriding mei in trein is oan it begjin fan tongersdeitejûn in persoan om it libben kaam. It ûngelok wie op de spoaroergong Grou-Jirnsum. It treinferkear tusken Ljouwert en Akkrum hat oant it middennacht stillein.
© CAMJO media
De plysje hat noch gjin idee wat de oarsaak fan it ûngelok is en is dêrom in ûndersyk begûn. Ek is noch net dúdlik wa't it slachtoffer is.