Pop demonstrearret kommende sneon foar Swarte Pyt

15 nov 2018 - 19:04

Neist tsjinstanners fan Swarte Pyt, demonstrearje sneon ek twa foarstanners by de yntocht fan Sinteklaas yn Dokkum: in poppespiler en har pop. Doe't Sandra Visser fan Dokkum hearde dat KOZP protestearjen komme soe, is se gelyk nei it gemeentehûs fan Dongeradiel ta rûn. Dêr melde se offisjeel dat sy ek demonstrearje woe. Se sil dit dwaan yn tradisjoneel Swarte-Pyt-kostúm.

Foto: Omrop Fryslân, Lars Hoekstra

Visser seit dat har demonstraasje in ludike aksje is: "Ik wil graag een tegengeluid laten horen. Ik wil terug naar het spel van Sinterklaas en de zwarte Zwarte Piet. Het spel van cadeautjes verstoppen en het feest."

Sympatisanten kinne harren net by har foege. Se hat tastimming fan de gemeente krigen foar twa persoanen. Foar harsels en har pop.

Tongersdei waard ek bekend dat Kick Out Zwarte Piet ek fan doel is om foar in demonstraasje nei Dokkum te kommen. De gemeente Dongeradiel tinkt noch nei oer it plak fan beide demonstraasjes.

(advertinsje)