Ald boek oer de alve Fryske stêden folslein mei de hân makke

15 nov 2018 - 18:04

It komt eins noait mear foar dat in boek fan begjin oant ein mei de hân makke wurdt, mar in restauraasje-atelier út Ljouwert hat it dochs dien. 'Elf Steden Elf Verhalen' is de namme fan it boek en nije wike tongersdei wurdt it earste eksimplaar offisjeel oerlange oan Hans Wiegel, dy't earder kommissaris fan de Keninginne wie yn Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

It atelier yn kwestje is Frisian Colorists & Restorers. Yn it boek stean alve histoaryske ferhalen mei tekene en ynkleure printen op hânskept papier. It gehiel is drukt op in antike silinderparse. Keunstneres Susan Bosch út Bûtenpost hat siden makke fan gerspulp ôfkomstich fan gers út alle Fryske stêden.

Twa eksperts dy't ek oan it boek meiwurke ha, binne Antonio Leemburg en Evelien de Boer. Neffens harren is it boek in pleit foar it ambacht dat sy útfiere.

Antonio Leemburg en Evelien de Boer ha oan it boek meiwurke

(advertinsje)