DierenLot stapt út oerlis oer Seehûne-akkoart: "Utkomst leit al fêst"

15 nov 2018 - 17:58

Stichting DierenLot fynt dat it oerlis oer it Seehûne-akkoart te stroef rint en dêrom stappe se derút. Minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer hat dat oerlis yn it libben roppen. Seehûnen moasten net mear opfongen wurde, útsein wannear't se ferwûne rekke binne troch minsklik hanneljen. Ek moast de opfang profesjoneler. Mei de provinsjes en opfanglokaasjes woe Schouten dêrom in seehûne-akkoart slute.

Seehûnepup - Foto: Shutterstock.com

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân soe dat proses, dat yn septimber begûn, begeliede. Yn it akkoart moast dúdlik komme te stean wannear't in seehûn krekt opfongen wurdt. No stapt DierenLot dus út it oerlis foar dat akkoart. "Onze stichting wordt gedegradeerd tot partij die alleen mag meedenken over de communicatie van een akkoord wat zonder inbreng van DierenLot tot stand komt", skriuwe se. "Voor deze figurantenrol heeft Stichting DierenLot bedankt."

Gjin ekonomysk of polityk belang

De stifting tinkt dat sy miskien wol de iennige partij binne dy't it belang fan de seehûn foaropset, sûnder ekonomysk of polityk belang. No giet it neffens har de ferkearde kant op: "De uitkomst van de gesprekken lijkt al in beton gegoten voordat het daadwerkelijke akkoord er is en economische en politieke belangen nemen de overhand boven de belangen van de zeehonden."

(advertinsje)