Tal WW-útkearingen yn Fryslân opnij leger

15 nov 2018 - 16:53

It tal WW-útkearingen yn Fryslân is yn oktober omleech gien. Ek oer it hiele jier besjoen nimt de WW yn ús provinsje ôf. Yn hieltyd mear beropsgroepen is der in tekoart oan personiel. Yn Fryslân giet it dan benammen om de bou, de soarch, de ICT en it transport.

Foto: ANP

Der wiene yn Fryslân ein oktober 10.535 WW-útkearingen. Dat binne 97 minder as in moanne earder. Lanlik giet de ôfname noch wat hurder. Ferlike mei foarich jier binne der yn Fryslân goed 24 persint minder útkearingen.

De sifers foar Fryslân binne fergelykber mei Grinslân en Drinte. Yn alle noardlike provinsjes is de WW ôfnommen.

Just mear útkearingen yn hoareka

Yn de measte sektoaren giet it tal útkearingen omleech, allinnich yn de hoareka net. Dat komt trochdat it hoarekaseizoen ôfrûn is.

Trefwurden: 
WW UWV útkearing
(advertinsje)