Reis troch Bûtan moat foar Loes Geurts liede ta keepe op it WK

15 nov 2018 - 16:43

It hat in bysûnder jier west foar Loes Geurts fan Hichtum. De keepster makke ûnderdiel út fan de Nederlânske frouljusfuotbalploech, dy't yn de simmer fan 2017 it Europeesk kampioenskip wûn. Mar, nei dat toernoai hâlde Geurts der ynienen mei op. In jier letter stiet se wer ûnder de latte by har Sweedske klup én by de Oranjefroulju. Wy seagen mei fjouwer foto's werom op it ôfrûne jier fan Loes Geurts.

Yn de simmer fan 2017 wûn Geurts as twadde keepster fan de Nederlânske fuotbalfroulju it Europeesk kampioenskip. Mar, al foar it toernoai wist se dat se dêrnei ophâlde soe as proffuotbalster. "Ik had het de bondscoach voor het EK al verteld", seit Geurts. De rol as twadde keepster leit har net en se belibbet in hiel dûbeld toernoai, hielendal om't Nederlân foar it earst yn de histoarje Europeesk kampioen wurdt.

Loes Geurts wint mei Nederlân it EK - Foto: Orange Pictures

Ik heb in drie, vier maanden tijd geen bal aangeraakt.

Loes Geurts

Rûnreis

Nei it EK is Geurts folslein klear mei it fuotbal. Se makket in rûnreis oer de wrâld mei har mem en nimt hielendal ôfstân fan it fuotbal. "Ik heb in drie, vier maanden tijd geen bal aangeraakt. Ik had er ook totaal geen behoefte aan. Dat geeft wel aan dat ik het ook echt even nodig had", fertelt Geurts.

As se werom is yn Sweden, dêr't se wennet, begjint it fuotbaljen dochs wer te kribeljen. Yn jannewaris tekenet se wer in kontrakt by Göteborg FC en is se dochs wer proffuotbalster.

Loes Geurts spilet ek takom jier foar Göteborg FC. Se ferlinget it kontrakt by har Sweedske klup mei ien jier. De hantekeningen moatte noch set wurde, mar der is in oerienkomst. It nije seizoen yn Sweden begjint yn it foarjier fan 2019. Troch de waarsomstannichheden lizze de Skandinavyske kompetysjes stil yn 'e wintermoannen.

Jackie Groenen en Loes Geurts nei de pleatsing foar it WK - Foto: Orange Pictures

It mearke fan Geurts wurdt kompleet as bûnscoach Sarina Wiegman har yn de rin fan 2018 opbellet. De fraach is oft se wer útkomme wol foar it Nederlânsk frouljusteam. En dat sjocht Geurts wol sitten. Sûnt de perioade dat se efkes ophâlden is, sjocht se oars nei it fuotbal. Foarhinne stie it yn it ramt fan prestearje, prestearje en noch ris prestearje. No sjocht de keepster fan Hichtum ek yn hoe moai oft it spultsje is.

WK

Yn de fjouwer play-offwedstriden foar it wrâldkampioenskip, twa tsjin Denemarken en twa tsjin Switserlân, stiet Geurts wer ûnder de latte. It grutte doel is om dat plakje net mear ôf te stean en der ek te stean tusken 7 juny 2019 en 7 july 2019, as it WK spile wurdt yn Frankryk.

(advertinsje)