Ald NAM-lokaasje op It Amelân wurdt opromme

Op It Amelân wurdt de kommende wiken de NAM-lokaasje by Hollum opromme. De elektrisiteitskabels dy't dêr lizze, gean nei it easten fan it eilân, nei de besteande lokaasje. De wurksumheden duorje oant april 2019. De lokaasje by Hollum kin net mear brûkt wurde, omdat troch de dúnôfslach it Noardseestrân te tichtby komt.
© Jeanet de Jong
Der sille dy moannen in soad transporten plakfine op it eilân. Om dat goed ferrinne te litten, wurde der ferkearsmaatregels troffen. Der is ek begelieding op ekologysk gebiet om skea oan de natuer foar te kommen. De elektristeitskabels wurde oanlein om de lokaasje net langer op ierdgas wurkje te litten.