Begrutting foar replika Willem Barentsz is rûn

15 nov 2018 - 16:16

It ekspedysjeskip Willem Barentsz hat de begrutting rûn foar it ôfbouwen fan it skip. De provinsje hat woansdei 120.000 euro tasein foar it projekt. De opbringst fan de lotterij dy't organisearre waard, mar úteinlik net trochgie, en in tal donaasjes hat de gatten yn de begrutting slutend makke.

Foto: Jannette van der Ploeg

Woansdei makke de stichting bekend dat de ferlotting fan it hûs net trochgie fanwege te min ferkochte lotten. In soad minsken hawwe de 96 euro no skonken oan De Witte Swaen. De bouwers fan it skip hoopje dat De Witte Swaen oer in jier hielendal farklear is.

(advertinsje)