Sven Kramer docht net mei oan ploege-efterfolging yn Japan

15 nov 2018 - 15:50

Sven Kramer hat te folle lêst fan 'e rêch en docht dêrom net mei oan de ploege-efterfolging op de wrâldbeker yn Japan. Hy rydt yn Obihiro wol de 1.500 en 5.000 meter. "It is spitich, want yn de tarieding gie it noch sa goed."

Foto: www.orange-pictures.nl

Oardel wike lyn melde Kramer him ek al ôf foar de 10 kilometer by de kwalifikaasjewedstriden op It Hearrenfean. Ek doe fanwege pine oan 'e rêch. De klachten binne no werom, om't er him fertild hat oan in koffer.

"It bliuwt seuren en dat is ferfelend, mar ik wol der gjin jankferhaal fan meitsje", sei Kramer. "Ik wit ek dat it goed komme kin en ik hoopje mei de krystdagen en de jierwiksel wer hielendal fit te wêzen", seit de Fries.

Noch gjin bûnscoach: gepruts

Kramer hat ek krityk op it reedrydbûn, want al sûnt 1 maaie is der gjin bûnscoach. Doe gie Geert Kuiper, dy't bûnscoach wie, nei Kanada ta. Kramer snapt der neat fan.

Gepruts, fynt er it. "Ja. Der ha wat kandidaten west, mar dy binne ôffallen. Ik ha mei it bûn sprutsen, mar ik wit net oft der ek lústere wurdt."

(advertinsje)