Skieden fans en gjin alkohol by fuotbalwedstriid Harkemase Boys tsjin Quick Boys

15 nov 2018 - 15:35

De fuotbalwedstriid kommende sneon fan Harkemase Boys tsjin Quick Boys út Katwijk op sportpark De Bosk is nei oerlis mei alle belutsen partijen ynskaald as in risikowedstriid. Om dy reden wurde supporters fan beide ploegen fan elkoar skieden.

Harkemase Boys - Foto: www.orange-pictures.nl

Boppedat wurdt der foar en nei de wedstriid gjin alkohol skonken. Yn 2003 bruts der in grutte fjochtpartij út tusken de supporters fan de beide fuotbalklups. Sûnt dy tiid wurde de wedstriden tusken de beide klups sjoen as risikowedstriden.

(advertinsje)