Kampanje moat mear omtinken jaan oan blinen yn Fryslân

15 nov 2018 - 15:31

Gemeenten moatte aktiver kontakt sykje mei minsken dy't blyn binne of min sjogge. Yn de kampanje 'Ongehoord en Ongezien', dy't no rint, wurdt dêr omtinken foar frege. Hast fjouwer prosint fan de Friezen hat in fisuele beheining. In protte fan harren witte net goed it paad te finen nei geskikte soarchynstellingen.

Problemen yn stasjonsgebiet

Nico Smits fan It Hearrenfean is 61 jier en sûnt syn 23e stadichoan blyn wurden troch in erflike sykte. Hy rekke lêst yn de problemen doe't hy it stasjonsgebiet ynrûn, dêr't ferboud waard. "Dêr wiene hekken delsetten en lintsjes, mar dat hiene se net goed kommunisearre, wêrtroch't ik yn in sânsleuf rûn."

Wethâlder Jelle Zoetendal erkent dat dêr net altyd like goed by stilstean wurdt. "It soe goed wêze as wy yn de oanrin warskôgje, mar ek tsjin oannimmers sizze dat se der alert op wêze moatte dat der minsken dy't min sjogge en dat minsken mei in scootmobyl delkomme kinne. Dy kinne je bygelyks efkes helpe mei oerstekken."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
(advertinsje)