Fertochte oerfal sigarewinkel Ljouwert moat psychysk behannele wurde

15 nov 2018 - 14:05

In 49-jierige Ljouwerter dy't fertocht wurdt fan in oerfal op in tabakswinkel yn de Vijzelstrjitte yn de stêd, moat ferplicht in jier lang behannele wurde yn in psychiatryske klinyk. Dat is alteast de eask fan it Iepenbier Ministearje.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De oerfaller is neffens in psycholooch en psychiater dy't him ûndersochten, folslein ûntarekkenber. De fertochte soe de 79-jierrige eigener fan de winkel op 17 maaie mei in stroomstjitwapen bedrige ha. Hy naaide út mei 9 doaskes sigaren. De man waard letter oanhâlden yn it Rengerspark. Yn de boskjes dêr't de man siet, waarden in rastaprúk, sigaredoaskes en in krúsbôge fûn.

De drugsferslaafde man ûntkent dat hy wat mei de oerfal te krijen hat. De oerfal hat de eigener fan de winkel in soad dien. Hy soe twa wiken nei de oerfal mei pensjoen gean. De rjochter docht op 29 novimber útspraak.

Trefwurden: 
Ljouwert psychysk oerfal
(advertinsje)