NAM mei gas winne yn fjirtjin fjilden yn Fryslân, Grinslân en Drinte

De NAM mei oant 2027 gas winne yn fjirtjin fjilden yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken hat dêrfoar grien ljocht jûn.
© ANP
It giet om it saneamde winningsplan Westerveld. De minister wol de gaswinning hjir útwreidzje, om't oare gasfjilden yn Grinslân stadichoan tichtgean fanwegen it risiko fan boaiemdelgong en ierdbevingen. De NAM tinkt tusken de 1,3 en 3,5 miljard kúb gas fuorthelje te kinnen. De plannen kinne oant de ein fan dit jier ynsjoen wurde, earder waarden al 950 beswieren yntsjinne.
Bewenners, gemeenten en wetterskippen binne bang foar skea. Boppedat binne se bang dat it ôfhanneljen fan dy skea lang duorje sil. De ferwachting is dat de boaiem mei sa'n 2 oant 3 sintimeter sakje sil. It ministearje komt dêrom mei maatregels en betingsten om de skea te beheinen en om ôfspraken oer de skeafergoeding goed fêst te lizzen.