"Factory Outlet Centrum moat nei Eaststellingwerf komme"

15 nov 2018 - 13:30

Der moat sa gau as mooglik in ûndersyk komme nei de helberheid fan in Factory Outlet Center yn Eaststellingwerf. Dat seit D66-kommisjelid Ignas Minnema.

Factory Outlet Center - Foto: FOC Assen BV

Sa'n Factory Outlet is fergelykber mei Batavia Stad by Lelystêd. Sa'n grut winkelsintrum tusken Appelskea en Easterwâlde kin de omjouwing in soad bringe, seit Minnema. Hy wol dêrom dat de gemeente yn petear giet mei de ynvestearders fan it winkelsintrum. Dat soe earst by it TT-sirkwy by Assen komme, mar provinsje en gemeente ha it ôfwiisd.

Sa wolle se de lokale winkellju beskermje. Dat spilet yn Eaststellingwerf net, seit Minnema. Hy sjocht allinnich mar kânsen foar de lokale ekonomy, rekreaasje en wurkgelegenheid. Mei de ferdûbeling fan de N381 is it winkelsintrum neffens Minnema ek goed te berikken.

(advertinsje)