Personiel fan Jacobs Douwe Egberts leit it wurk 24 oeren del

Personiel fan it teefabryk op De Jouwer giet sneintejûn foar 24 oeren yn staking. De meiwurkers wolle sa in goeie cao ôftwinge.
© wikipedia.nl, Freaky
It personiel wol 3,5 persint mear lean en fierder binne se net akkoart mei de fermindering fan de atv-dagen en de nije roasters en moat der in ûnôfhinklik ûndersyk komme nei de hege wurkdruk.
"Het uitstelgedrag om pas over twee jaar concrete afspraken te maken tegen de hoge werkdruk, is prut", seit Niels Suijker, bestjoerder fan FNV Voedingsindustrie.
De produksje fan tee komt moandei hielendal stil te lizzen. By Jacobs Douwe Egberts wurkje 2100 minsken. Suijker: "De medewerkers van Douwe Egberts gaan staken, omdat het niet logisch is dat ze moeten instemmen met een verslechtering van de arbeidsvoorwaarden, terwijl het met het bedrijf heel goed gaat. We hebben de werkgever heel veel tijd gegeven, maar ze blijven bij hun eenzijdig neergelegde voorstel."