Wurdt it gebiet tusken Kimswert en Surch gouden lân?

15 nov 2018 - 12:34

Under de namme 'Gouden Land' sille yn de takomst ideeën útfierd wurde om it gebiet tusken Kimswert en Surch leefber te hâlden. Lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter presintearre woansdeitejûn yn Kimswert in plan oer hoe't fraachstikken as klimaatferoaring en biodiversiteit te keppeljen binne oan inisjativen út de streek sels, sa as mear kultuerhistoarysk toerisme.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Op dizze wize moatte minsken belutsen reitsje by it projekt, dat úteinlik yn 2030 it âlde Marneslinkgebiet foarmjouwe moat. Sa sil der yn Penjum in ynfosintrum komme.

Oare ideeën binne om âlde seediken yn de streek mei blommen te beplantsjen en keunstners opdrachten te jaan de streek op te fleuren. Ek is der in plan om sâlte gewaaksen te kweken.

Doel is om mear fariaasje yn planten en bisten te krijen.

In fertsjintwurdiger fan Wetterskip Fryslân fertelde op de presintaasjejûn oer de gefolgen fan in heger seenivo. Tegearre mei it Ryk stekt it Wetterskip 400 miljoen euro yn ferbettering fan de Waadseedyk.

De Stichting Gouden Land wurdt oprjochte om te sjen hoe't de streek dêr fan profitearje kin. Yn de stichting sille minsken fan de doarpsbelangen fan Kimswert, Arum, Penjum, Wytmarsum en Surch gearwurkje.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

It plan wurdt oer twa wiken oanbean oan de gemeente Súdwest-Fryslân. It is de bedoeling dat dy, mei bygelyks it Waadfûns, de provinsje en it KH2018-projekt Sense of Place, Gouden Land finansierje sil.

(advertinsje)