Tydlike ferfanger Wieb Rodenhuis

07 nov 2011 - 22:47

It bestjoer fan fuotbalklup Harkemase Boys giet op syk nei in ynterim-trainer. Dy moat it wurk fan haadtrainer Wieb Rodenhuis foarearst oernimme. Rodenhuis melde him siik nei in konflikt mei syn assistint-trainer Marc van Meel. Der is neffens Rodenhuis gjin gemy mear tusken him en Van Meel. Dy krige derom in oare funksje binnen de klup, mar Rodenhuis melde him dochs siik.

(advertinsje)