Metalfestival Into the Grave 2019 lûkt grutte nammen

15 nov 2018 - 11:51

Metalfestival Into the Grave hat woansdei de earste nammen foar 2019 bekendmakke, en dêr sitte in tal grutte bands by. Sa mei de Sweedske band Meshuggah it Ljouwerter publyk ferwenne mei harren mathrock en bringt de Dútske band Powerwolf in stevige poarsje power metal. It festival wreidet dêrnjonken út mei in twadde poadium.

Njonken Meshuggah komme ek de Amerikanen fan Anthrax en Testament nei Into the Grave. It festival hat takom jier ek in twadde poadium. It is de bedoeling dat hjir benammen de hardcore metalfans har hjir fermeitsje kinne. Op it poadium sil ûnder oare Sick Of It All optrede.

It is noch net dúdlik oft it festival útwreidzje sil mei in tredde festivaldei. Dêr wurdt noch oer praat, mar der is noch gjin beslút oer naam. De ferwachting is dat hjir yn desimber mear dúdlikheid oer komt. As de tredde dei trochgiet kinne de minsken dy't in kombyticket kocht hawwe, hjir ek hinne.

Foto: Omrop Fryslân

Into the Grave wurdt takom jier foar de njoggende kear organisearre, en sil opnij plakfine op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It is op 9 en 10 augustus.

(advertinsje)