Kick Out Zwarte Piet sil definityf yn Ljouwert en Dokkum demonstrearje

15 nov 2018 - 11:17

By de gemeenten Ljouwert en Dongeradiel is tongersdei in oankundiging binnenkaam fan in anty-Swarte Pite-demonstraasje. It giet om Kick Out Zwarte Piet dy't oankundige hat yn alle provinsjale haadstêden te demonstrearjen.

De gemeenten bestudearje de oanfragen fan de demonstranten. Boargemaster Ferd Crone kin op dit stuit noch gjin reaksje jaan. Earder dizze wike hat Crone al sein dat demonstrearjen in grûnrjocht is dêr't net op te begnibbeljen falt.

Sytse Brouwer fan it Ljouwerter CDA bliuwt der by dat in demonstraasje fan wa dan ek in gefaar is foar de iepenbiere oarder. "Húshâldingen rinne it risiko om net feilich Sinteklaas te fieren. Dêrom ha wy by de boargemaster oantrune op in oare lokaasje as de Prinsetún foar de demonstraasje."

"Gjin reaksje"

Wêr't en hoe't de demonstranten sneon by de yntocht in plakje krije, dêr wol de gemeente Ljouwert op dit stuit noch neat oer sizze. De gemeenten komme tongersdeitemiddei mei in offisjele ferklearring.

"Op dit stuit kin ik allinne sizze dat der in 'kennisgeving' is dat Kick Out Zwarte Piet demonstrearje wol", seit Didi Boskma, foarljochter fan de DDFK-gemeenten. "Mei hoefolle se komme, witte we net. Fierder kinne we gjin reaksje jaan."

Swarte Pyt is in tradysje, dy't basearre is op it slavernijferline en dêrmei is er it symboal fan diskriminaasje en rasisme, sa seit de aksjegroep. Op 'e nij wurde de stellingen ynnommen, de gemeenten, plysje en heiten en memmen binne alert. Alden twivelje der yntusken oan oft se wol nei de yntocht ta gean moatte.

Under Friezen leit de kwestje aardich gefoelich. Guon fine it dûbeld, omdat it in bernefeest is, dêr't protest net by heart. Mar minsken hawwe dochs rjocht op frijheid fan mieningsutering.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Hooligans

Yn ferskate plakken lykas Nijmegen en Eindhoven, hawwe hooligans fan fuotbalklups oankundige om de anty-Swarte Pyt-demonstranten oan te pakken. Ek de hurde kearn fan SC Cambuur soe neffens ferskate boarnen yn Ljouwert yn aksje komme. It soe gean om tsientallen supporters dy't de demonstraasje fersteure wolle.

(advertinsje)