Wijreek slacht oer nei fjoerwurk en liedt ta brân yn Ljouwert
De brânwacht yn Ljouwert hat woansdeitejûn in brân yn in berging oan de Ereprijs blust.
De soan fan de húshâlding dy't yn it hûs wennet, hie yn de berging wijreek oan dien, mar it fjoer sloech oer nei in lytse hoemannichte fjoerwurk dat yn it hok opslein wie.
De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.