Ferlotting foar ôfbouwen Willem Barentsz giet net troch

15 nov 2018 - 09:50

De ferlotting fan it hûs yn Harns foar it fierder ôfbouwen fan it ekspedysjeskip De Willem Barentsz giet definityf net troch. Dit makket de stifting bekend.

Willem Barentsz yn de takel - Foto: Jannette Van der Ploeg

De replika leit yn Harns en is ein oktober te wetter litten. Om genôch jild te hawwen foar de ôfbou fan it skip, waard de ferlotting fan in hûs yn it sintrum fan Harns regele. It is net slagge om de 7500 lotten te ferkeapjen, wetlik mei de lotterij net noch in kear ferlinge wurde.

Dochs seit de stifting dat de lotterij in sukses west hat fanwegen de positive reaksjes en donaasjes. Minsken dy't in lot kocht hawwe krije it jild werom.

Trefwurden: 
Harns Willem Barentsz
(advertinsje)