Ljouwerter (18) rint by skoalle mei nepfjoerwapen en wurdt oanhâlden

15 nov 2018 - 09:15

De plysje hat woansdei in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden, nei't sjoen wie dat hy by in skoalle yn de omjouwing fan de Archipelwei mei in fjoerwapen omrûn.

De jonge wie allinnich en is gjin learling fan de skoalle, seit de plysje. De melding kaam yn de middei binnen, doe't in learling de Ljouwerter seach.

Yn syn wenning oan de Jacob Binckestrjitte fûn de plysje yn totaal trije nepfjoerwapens. Dy binne yn beslach naam. De jonge sit fêst foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)