It MCL is op syk nei nije frijwilligers

15 nov 2018 - 08:46

It MCL is op syk nei nije frijwilligers. It sikehûs set de frijwilligers ûnder oare yn foar gaste-ûntfangst en se bringe pasjinten nei de goede ôfdielingen.

De frijwilligers wurken foarhinne faak fan efter in tafel, mar it sikehûs wol der feroaring yn bringe. "Het is belangrijk dat de vrijwilligers goed blijven bewegen", seit koördinator fan it MCL Hella Botman.

"We halen daarom de tafel weg en laten de vrijwilligers vrij door de centrale hal lopen. Daarbij is het voor de patiënten overzichtelijk en zo zorgen we voor veel gastvrijheid in het ziekenhuis."

In oantal fan de frijwilligers hat nei oanlieding fan de feroaring oanjûn net mear werom te kommen. "Er zijn mensen die er moeite mee hebben. Mensen die niet meer in staat zijn om lang te staan en te lopen, of mensen die het niet fijn vinden om zelf op de patiënten af te stappen."

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Er zijn mensen die er moeite mee hebben.

Hella Botman fan MCL

It MCL begjint dizze wike mei in kampanje om nije frijwilligers te krijen. Neffens Botman sit der al in stigende line yn de ferjonging. "Je ziet de diversiteit binnen de vrijwilligers groeien, en dat is alleen maar mooi. We hopen met deze campagne nieuwe enthousiaste vrijwilligers te vinden", seit Botman.

(advertinsje)