Froulju fan Fryslân: berneferpleechkundige Mirte fan Surhústerfean

15 nov 2018 - 08:02

Der steane hiel wat stânbylden yn Fryslân, mar wol folle mear fan manlju as fan froulju. Tiid foar in ynhelslach! Yn it programma Froulju fan Fryslân, tongersdeis om 17.45 oere op TV, wurdt der socht nei seis froulju dy't wichtich binne foar de Fryske mienskip op watfoar manier dan ek. Ien fan dy froulju is berneferpleechkundige Mirte fan Surhústerfean.

Yn de ôflevering fan 15 novimber is de earste opset fan de bylden is klear. It is tiid foar de Froulju fan Fryslân om model komme te stean yn it atelier fan Natasja. Mirte (28) út Surhústerfean is as earste oan bar.

Wa is Mirte?
Berneferpleechkundige Mirte is nominearre troch goede freondinne Jolanda. Mirte komt hast alle dagen wol efkes by har en har soan Thijmen op besite. Thijmen hat autisme en libbensbedriigjende epilepsy, wat in soad soarch freget. Mirte helpt Jolanda sa folle mooglik, troch op te passen, in lústerjend ear te bieden of tegearre op syk te gean nei goede help foar Thijmen.

In stânbyld fan Mirte. Hoe is dat?
"Ik tocht hieltyd: ik wit it net hear. Dit is neat foar my. Mar doe sei in kollega: miskien moatst it omdraaie, en it sa besjen datsto symboal stiest foar alle oaren dy't soks dogge. Fan dat momint ôf koe ik my deryn fine."

Do hast in spesjale klik mei Thijmen en dat kombinearrest mei in drokke baan. Hoe dochst dat?
"Ik fiel my ek befoarrjochte dat ik dit dwaan kin. Ik wurkje op ûnregelmjittige tiden, dus ik kin faak wol oerdei mei nei in doktersbesite of sa. En ik ha gjin gesin, dus ik haw de romte ek om it te dwaan. It is net sa dat ik sis: dit soene folle mear minsken dwaan moatte, nee, guon hawwe ek wol genôch oan harren eigen."

Hoe wie de ûntbleating fan it byld foar dy?
"By de ûntbleating stiene wy hiel ticht op de bylden. Ik fyn it materiaal en de struktuer hiel moai, mar ik leau wol dat Natasja bepaalde kenmerken echt útfergrutte hat. Doe't ik de bylden fan 12 meter ôfstân seach, fûn ik it wol hiel moai. Sa mei alle seis byinoar komt it echt ta syn rjocht. Mei-inoar seit it ek mear as ien byld allinnich."

Wat stiet der op Mirte har boarstbyld?
"It wichtichste yn in freonskip is dat jo der foarinoar binne. Net allinnich wannear't it net goed giet of allinnich wannear't it moai is, mar altyd."

Fan it maitiid die Omrop Fryslân de oprop om Fryske froulju dy't in stânbyld fertsjinje te nominearjen foar it projekt Froulju fan Fryslân. Ut mear as 200 nominaasjes binne seis froulju keazen dêr't in portret fan makke wurdt yn film en yn de foarm fan in boarstbyld. Froulju fan Fryslân makket diel út fan LF2018. Hokker frou is sa bysûnder, wichtich of ûnmisber dat der in echt boarstbyld fan makke wurde moat? En wêrom? Dat is alle tongersdeis te sjen om 17.45 oere by Omrop Fryslân op TV.

(advertinsje)