It lei jierren stil, mar Houkepoort liket no útferkocht te reitsjen

15 nov 2018 - 07:59

Jierrenlang hat it projekt folslein stil lein, mar no liket de Houkepoort oan de râne fan Snits dochs folslein útferkocht te reitsjen. Neffens makelderij Hoekstra, ien fan de ferkeapjende makelers, binne der noch mar in pear wenningen fan de 190 beskikber.

Dat de ferkeap no sa goed rint, is eins opmerklik. It projekt soe eins al hast tsien jier lyn los, mar de ekonomyske krisis en in grutte fraudesaak soargen derfoar dat it oant 2016 duorre foardat der foar it earst boud wurde koe. De belutsen partijen giene der dêrnei fanút dat it sa'n fiif jier duorje soe foardat alle huzen ferkocht wêze soene, mar dat is dus úteinlik folle flugger gien.

"We hiene úteinlik noch wol folle mear huzen ferkeapje kinnen. We hawwe no noch tolve huzen oer en kinne dêrmei noch in oantal minsken helpe, mar dermei hâldt it op", seit makeler Rita Haarsma. "It binne benammen minsken út Snits sels dy't hjir hinne komme, mar ek fan fierder fuort komme se dizze kant út."

Neffens wethalder Stella van Gent is benammen dy lêste groep opfallend. "We trekken mensen van over de dijk, zoals we dat noemen. Dus mensen uit de Randstad die hier graag willen wonen. In andere nieuwbouwprojecten zoals Harinxmaland zien we dat niet, maar hier is het het bijzondere karakter van de nieuwe wijk die extra aantrekkingskracht heeft met vooral het vele water."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De belutsen partijen hiene der al hoop op dat it nei de nije start fan it projekt yn 2016 fluch gean soe. Doe't der foarútrinnend op de ferkeap in online peiling hâlden waard, joegen goed 1100 minsken oan belangstelling te hawwen foar it nijbouprojekt. Ek de oare nijbouprojekten yn Snits, Harinxmaland en de Poort van Sneek, dogge it goed yn de ferkeap.

Trefwurden: 
Snits Houkepoort
(advertinsje)