Kollum: "Poldermodel"

15 nov 2018 - 07:48

"Mei it ferstjerren fan âld-premier Kok, in pear wiken lyn, kaam it wurd 'Poldermodel' werom yn 'e krantekolommen. Kok wurdt assosjearre mei dat wurd, troch syn kabinetten mei kombinaasjes fan de linkse PvdA en de rjochtse VVD.

Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Botte Jellema

De toan fan Botte Jellema

Al sloech it benammen op it model fan oerlis tusken fakbûnen en wurkjouwers, dat fruchtber wie yn die tiid. Dat wol sizze dat we ôf rakken fan de stakingen fan de jierren tachtich. Yn Nederlân wurdt der tige weinich staakt: neffens it Financiële Dagblad waard der hjir per tûzen ynwenners yn 2014 njoggen dagen staakt. Yn Frankryk wiene dat yn it selde jier 171 dagen.

It poldermodel as foarkommer fan konflikten. Untstien yn it lân dêr't fan âldsear alle húshâldingen dy't byinoar op of ûnder seenivo yn polders libje mei syn allen effisjint ta diken en oare wetterkearingen komme. In prachtige byldspraak foar hoe't we hjir kompromissen berikke, salang as der in mienskiplik doel is yn elk gefal. Dat doel wie bygelyks 'werk werk werk', ûnder Kok, of drûge fuotten of oars in yngewikkelde ôfspraak oer pensjoenen of wurktiden.

Mar we libje net mear yn 'e jierren njoggentich. Ik tink wolris dat dit net mear de tiid is fan it kompromis, mar de tiid fan it konflikt. As we in ferskil fan miening ha, yn dizze tiid, klappe we dy der fol op it oargel der út, en mei inoar oan ien tafel sitte om der út te kommen mei hja dy't der oars oer tinke, dogge we net. Net effisjint, net 'oplossingsgericht', mar it luchtet al op.

Yn Amearika sit no in presidint dy't iepenlik befolkingsgroepen tsjin inoar opset, dy't bepaald net smoart is yn syn earste leagen, dy't de boskwachters fan Californië earst koartet op harren budzjet, en as der dan grutte boskbrannen útbrekke, der gau by is om de boskwachters dêr de skuld fan te jaan en te driigjen om noch minder jild oan boskbehear út te jaan. It is net in man dy't belang hat by polderjen, mar just by konflikt. En dêrmei liket hy in grut foarbyld te wêzen foar mannichien.

Sa waarden foarige moanne fan 'e ien op 'e oare dei fjouwer sikehuzen tichtsmiten yn Nederlân. It is my net hielendal dúdlik wa't hjir it konflikt no opsocht hat: de fersekerders dy't it der mar op oankommen litten hawwe, ús minister fan sikehuzen, of de bestjoeren fan 'e sikehuzen, mar it is konflikt wurden. It like op in ôfstân wol krekt of elkenien dit mar it bêste fûn.

Sa ha in pear mannen út Drinte krekt sa lang it konflikt mei de plysje opsocht oer in ûndersteld begraafplak fan in fiifentweintich jier lyn fermoarde famke, oan't se dêr dizze wike dan dochs mar in graafmasine delset ha. Resultaat: der lei neat. Mannen sizze: de graafmasine moat djipper grave. De amateurs sykje it konflikt mei de eksperts.

En sa is der hast 190.000 euro op in bulte goaid om minsken dy't in demonstraasje ferhindere ha en dêrfoar feroardiele binne yn heger berop gean te litten. Net om't der in juridyske mooglikheid is op in oare útspraak, mar omdat it kin. De oare partij bepleitet har punt mei in út Amearika kopiearre narratyf, wat ek net konstruktyf is. Mar no is der hast twa ton beskikber foar in konflikt.

Foar ien dy't grut wurden is yn 'e jierren njoggentich is dit allegearre fry ûnbegryplik. No tink ik dat der noch altyd in protte poldere wurdt, want as ien der mei 'gestrekt been' yn giet, falt dat al mear op as in kompromis. Mar it liket soms wol oft der net in soad minsken sin oan ha de wiiste te wêzen, mar leaver alles nei in muorre smite en dan wol sjogge wat der hingjen bliuwt. Want wêrom soest nei in oplossing polderje, as der neat sa opluchtet as in goed konflikt. En komme der konsekwinsjes, dan is der twa ton beskikber.

Oeral sjoch ik sucht nei konflikt. Ast dit ien kear yn 'e kop hast, kinst net mear op in oare manier de krante lêze, of sels in krúspunt mei wat ûndúdlike foarrangsregels benaderje. Ferjit it dus miskien mar, ast de rest fan de dei noch wat dwaan wolst yn elk gefal."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)