Ferlanglistje Ljouwert foar 'legacy' LF2018 grut: net genôch budzjet

15 nov 2018 - 06:48

It ferlanglistje fan de gemeenteried fan Ljouwert mei winsken foar de neilittenskip fan Ljouwert-Fryslân 2018 is grut. Sa grut dat der lang net genôch budzjet foar is. De riedsleden koene har winsken woansdei ynleverje by wethâlder Sjoerd Feitsma. Hy giet der de kommende tiid mei oan de slach en komt dan begjin takom jier mei in plan.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De grutste winsk heart eins net op it listje te stean. Dan giet it om de saneamde 'culturele basisinfrastructuur'. Dan moatte je tinke oan teäters en muzykpoadia. Dy moat goed op de rit stean, fine ferskate ynsprekkers.

Harry Bevers fan de VVD: "Ik kan wel een hele lijst gaan indienen maar dat doe ik niet. Laten we er nu eerst voor zorgen dat die basis staat. Die moet het doen." Syn soargen wurde dield troch ûnder oare de PvdA en Oeds Westerhof, de man dy't binnen LF2018 ferantwurdlik is foar de neilittenskip: "As je suksesfol wêze wolle, moatte je dy basis op de rit ha. Dat is de ynstek fan ynstellingen yn oparbeidzjen mei de gemeente en de provinsje."

Trochgean mei soarte fan ôfslanke LF2018-organisaasje

Neffens Westerhof moatte je dy basis ha om op de rit te bliuwen, troch te gean mei in soarte fan ôfslanke LF2018 organisaasje: "Dy kin dan in ûnôfhinklike programmearring delsette mei in ûnôfhinklike organisaasje. Dat wie de krêft ek fan de besteande organisaasje. Dat eigensinnige moatte je dan trochsette yn in nije organisaasje. Dat makket it sterk en dan stean je los fan de besteande ynstellingen."

Dolci, it saneamde Directeurenoverleg Leeuwarder Culturele Instellingen, slút dêr graach by oan. Dieneke Zwiers is foarsitter fan Dolci. Sy fynt dat der goed omtinken komme moat foar marketing. "Mensen moeten naar de stad komen. Daar willen wij graag bij helpen." Fierder wol Dolci de besteande gearwurking tusken de ferskate festivals trochsette.

De ûndernimmers binne ek entûsjast. Cees Anceaux fan it LOF wol alle goede saken beethâlde. En ek ynsette op de blockbusters lykas de Escher-útstalling yn it Fries Museum.

Talintûntwikkeling fan belang

Noch belangriker nei de takomst ta is de ûntwikkeling fan talint. Sa krigen skoallebern de kâns by Circus Adje sjen te litten wat se kinne. En dat barde op mear plakken. Neffens it grutste part fan de riedsleden is it fan it grutste belang dat je dêr mei trochgean.

Dat moatte je dan dwaan op in plak dêr't it ek kin: de saneamde briedplakken. Lokaasjes dêr't in soad kin en mei en dêr't je yn alle rêst wat ûntwikkelje kinne.

Bliid mei de ynbring

Wethâlder Sjoerd Feitsma is bliid mei alle ynbring: "Ik ha hjir wolris oars sitten as it giet om LF2018." In soad fan de saken dy't foarby kaam binne, stean ek al op papier: "It komt aardich oerien mei wat we ek op oare plakken al heard ha. Dat giet om it kultuertoerisme, de basisynfrastruktuer, de talintûntwikkeling en ek de briedplakken."

Ein fan dit jier wurde alle sifers byinoar garre en wurdt sjoen nei wat goed wurke hat en wat net. Op basis dêrfan en de ynbring fan alle belutsen partijen en de riedsleden wurdt dan in dokumint opsteld foar de takomst: "Dan moatte we sjen hoe't we dat stâl jaan kinne, hokker struktuer dêr dan by past nei de takomst ta."

De ferwachting is dat it dokumint mei de 'legacy' fan LF2018 ein jannewaris, begjin febrewaris, klear is.

Trefwurden: 
kultuer LF2018 legacy
(advertinsje)