Wim Stroetinga sakket yn 'Zesdaagse' fan Gent

15 nov 2018 - 06:22

Hurdfytser Wim Stroetinga fan Terwispel en syn maat Yoeri Havik stean net mear boppe-oan yn de 'Zesdaagse' fan Gent. Op de twadde dei ha Kenny De Ketele en Robbe Ghys de lieding oernaam.

Argyffoto mei Yoeri Havik en Wim Stroetinga - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie in anonime dei foar de hurdfytsers, dy't sakke binne nei it fiifde plak. De Ketele en Ghys ha no 129 punten. Stroetinga en Havik folgje noch yn deselde omloop, mar ha noch mar 78 punten.

Stroetinga en Havik waarden ferline jier tredde. De Fries waard yn 2011 en 2013 ek al twadde.

It is de 78e edysje fan de 'Zesdaagse' fan Gent.

(advertinsje)