Hoe werkenne je ien mei in licht ferstanlike beheining?

Minsken mei in licht ferstanlike beheining krije te gau in stimpel dat se in fersteuring ha. In bytsje trochfreegje en krekt wat bettere begelieding kin in soad problemen en kosten foarkomme. Noch belangriker: hoe werkenne je in persoan mei sa'n lichte ferstanlike beheining? Dy fraach stiet tongersdei sintraal by in sympoasium yn it WTC Expo yn Ljouwert.
© LVB in Beeld
Yn Nederlân rinne goed 2 miljoen minsken rûn mei in licht ferstanlike beheining. It giet om in groep dy't dreech werkenber is. Iris Walstra is fan ekspertizesintrum REIK: "Se binne krekt as my. Je kinne skoften mei ien prate of wurkje en neat fernimme, oant it momint dat je ôfspraken meitsje wolle en dy wurde samar ôfsein."
De groep minsken is dan ek dreech werkenber: "Je fernimme it pas as je langer mei ien omgean."

Sjoch nei wat de minsken kinne

In grut part fan dizze groep minsken mei in licht ferstanlike beheining kin him goed rêde. Se kinne sûnder help fan oaren. Foar in oar part jildt dat net. Dy ha begelieding nedich, bygelyks as it giet om wurk. Jelle Drost is direkteur fan it ekspertizesintrum LVB: "Je moatte derfoar soargje dat se dogge wêr't se goed yn binne. Ja, se ha in legere yntelliginsje, mar dat betsjut net dat se neat kinne. Je moatte gewoan passend wurk fine."

Taak foar it ûnderwiis

Drost fynt dat der benammen yn it basisûnderwiis mear omtinken komme moat foar dizze groep minsken. "Se moatte it dêr werkenne. As je dat op de basisskoalle al dogge, dan besparret dat nei de takomst ta in soad problemen. Minsken krije dan in bettere begelieding."
Neffens Drost binne der ek in soad misfettingen oer minsken mei in licht ferstanlike beheining: "Se krije al gau, benammen de jeugd, in stikker opplakt. Dan hat sa'n persoan gedrachsproblemen of ADHD. Mar dat kloppet faak gewoan net. Je moatte sjen nei de ûntwikkelingsleeftiid fan in persoan, net nei de echte leeftiid."

Previnsje is de kaai

Neffens Drost en Walstra moatte je folle mear ta nei previnsje. De kennis moatte nei de opliedingen foar masters en juffen, sa fynt Drost. Walstra giet in stap fierder: "Miskien noch wol earder. Al foar't se nei skoalle gean."
Op it sympoasium wurdt der tongersdei wiidweidich oer praat. Sa'n 200 minsken fan de ynstânsjes REIK, MEE, GGD Fryslân, SO Fryslân en RENN4 bondelje dêr har krêften. It doel is simpel: dat in juf of master seit fan: 'hé, soe hy of sy net ek in lichte ferstanlike beheining ha?'.