Plysje nimt 150 kilo fjoerwurk yn beslach yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat yn in wenning oan De Gealannen yn de wyk Bilgaard 150 kilo fjoerwurk yn beslach naam. Under it fjoerwurk wie ek yllegaal fjoerwurk út Poalen.
De 32-jierrige bewenner moat him ynkoarten by de plysje melde om in ferklearring ôf te jaan.