Mear bern yn Ljouwert libje yn earmoed

15 nov 2018 - 01:04

It tal bern dat yn earmoed libbet yn Ljouwert is de ôfrûne jierren tanommen. It giet om ien op de seis bern. Yn de wiken Heechterp-Schieringen en de Wielenpôlle giet it sels om seis op de tsien bern. De sifers steane yn de Armoedemonitor 2017, dy't yn opdracht fan de gemeente Ljouwert makke is. De gemeenteried waard der woansdei oer bypraat.

Foto: Google Street View

"De cijfers zijn schrijnend", seit ûndersiker Tessa Schoot Uiterkamp. "De laatste jaren zie je een kleine toename in armoede, vooral bij gezinnen." It giet om goed 3400 bern yn Ljouwert.

In oarsaak is net fuort te jaan, neffens Schoot Uiterkamp: "De nasleep van de economische crisis speelt zeker een rol. Toch zie je ook landelijk dat het aantal bijstandsuitkeringen toeneemt. En dus ook gezinnen in een armoedesituatie. Migratie is daar ook een oorzaak van. Je ziet bijvoorbeeld dat de aantallen gezinnen met een niet-Westerse migratieachtergrond steeds vaker in een armoedesituatie komen."

Ljouwert docht it bêst goed

Dochs docht Ljouwert it net min, seit de ûndersiker. Der binne tal fan regelingen foar minsken mei in leech ynkommen, lykas spesjale 'kindregelingen'. Dêr wurdt neffens Schoot Uiterkamp goed gebrûk fan makke: "Je ziet dat mensen die weten te vinden en te gebruiken. Leeuwarden scoort daar goed ten opzichte van andere gemeenten."

Symptoombestriding

It probleem dêrmei lykwols net oplost. Neffens Danny van Zomeren fan stifting Leergeld Leeuwarden is Ljouwert kampioen yn it plakken fan pleisters: "Wij kunnen de doelgroep goed bereiken. Kinderen kunnen sporten, mee op reisjes. Het is goed dat we kunnen helpen, maar tegelijk ook heel triest. Want we zijn bezig met symptoombestrijding. De ware oorzaak van de problemen wordt niet opgelost."

Stifting Leergeld soarget derfoar dat bern meidwaan kinne oan aktiviteiten. Binnen en bûten skoallen. "Maar we willen niet bestaan. We willen niet nodig zijn", seit Van Zomeren.

Problemen oars oplosse

Hy pleitet foar in oare oplossing: "Kijk naar de bron, de ouders. Ga daar onderzoeken waarom ze niet werken of wat de oorzaak van de armoede is. Dan kun je iets oplossen."

As foarbyld sjocht Van Zomeren nei de Wielenpôlle: "Daar zijn 15 volwassenen bezig het heft in eigen handen te nemen. Ze zijn serieus bezig met scholing en dus zo het leven weer op te pakken. Dat moet je belonen. Geef ze maar een laptop. Dan krijgen ze eigenwaarde en trots en zijn ze weer een stap verder."

(advertinsje)