Ried Harns wol mei provinsje om tafel oer de REC

De folsleine gemeenteried fan Harns wol mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders op koarte termyn yn petear mei Provinsjale en Deputearre Steaten oer de sitewaasje mei de REC. In moasje dêrta waard unanym stipe yn de ried.
© Ymte de Jager
Dizze wike wiene der op 'e nij problemen mei de tsjettel yn de REC. It soarge foar in grutte reekplom boppe de ôffaloven. Omwenners klagen oer stank. De brânwacht hat mjittingen dien, mar gjin skealike stoffen fûn.
De gemeenteried fan Harns wol no foar de ein fan it jier om tafel mei de provinsje. It eksakte doel fan it petear wurdt de kommende dagen noch fêststeld.