Keninklike ûnderskieding foar riedslid Van der Pol yn Súdwest-Fryslân

Lieuwe van der Pol hat woansdeitejûn in keninklike ûnderskieding krigen nei syn ôfskied as riedslid. Van der Pol wie hast santjin jier aktyf as riedslid, mar is woansdeitejûn út de gemeentepolityk stapt. By syn ôfskie fan de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân waard hy beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de byhearrende fersiersels opspjelde troch boargemaster Jannewietske de Vries.
© Omrop Fryslân
Van der Pol begûn syn politike karriêre yn de eardere gemeente Snits, wêr't er op 14 maart 2002 beëdige waard as earste en iennige riedslid foar de ChristenUnie.
Nei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2011 en it ûntstean fan de fúzjegemeente Súdwest-Fryslân ferdûbele de ChristenUnie it tal riedsleden. De partij hat no noch altyd twa sitten. Dat is neffens de boargemaster in fertsjinste fan Van der Pol. "Jo hawwe each foar de minsken om jo hinne, each foar de mienskip. Jo steane foar polityk dy't tichteby de minsken stiet, sawol yn de stêd as op it plattelân. En dêrby rjochtsje jo jo net allinnich op 'e eigen efterbân", seit De Vries.
Van der Pol wurdt opfolge troch Gert Schouwstra, dy't sawol yn Snits as yn Súdwest-Fryslân gjin ûnbekende is yn de gemeentepolityk. Schouwstra is al sechstjin jier kommisjelid.