Slachterij út Eanjum falt yn de prizen op ynternasjonale fakwedstriid

Ambachtlike slachterij Menno Hoekstra út Eanjum is yn de prizen fallen by de ynternasjonale fakwedstriid foar slachters yn Utrecht. De slachterij uit Eanjum krige seis kear goud foar it ynstjoerde produkt. Twa fan dy seis kear mei stjer.
Slachter Menno Hoekstra falt yn de prizen © Klazina van der Werf
Grutsk lit Menno Hoekstra de seis sertifikaten sjen. "Ik doe al heel wat jaren mee, maar we hebben nog nooit zoveel prijzen in de wacht gesleept als dit jaar", fertelt Hoekstra. Meiwurker en slachter Albert Kingma hat de measte prizen wûn en Nienke Borger krige goud mei in stjer foar har carpaccio bonbon. "Maar de prijzen zijn te danken aan ons hele team. We doen dit met z'n allen", seit de slachter.

Boaterhamwoarst en Eanjumer 'Waddenham'

Foaral de boaterhamwoarst en de Eanjumer 'Waddenham' sprongen derút foar de faksjuery. Sy beoardielen de produkten op uterlik, foarm en kleur, it snijflak en de struktuer, de geur en smaak en konsistinsje.

Geheim

It geheim fan it sukses fan slachterij Hoekstra is neffens Menno Hoekstra dat se sels slachtsje yn har moderne slachterij yn Dokkum. "Er gaat niets boven zelf slachten, dan weet je wat je verkoopt", seit er.