Kompjûtergames biede kânsen yn de medyske wittenskip

14 nov 2018 - 22:39

De tiid dat kompjûtergames troch kritikasters ôfdien waarden as dom folksfermaak leit definityf achter ús. "Sa hat in puzelspultsje as Candy Crush Saga bygelyks oan de basis lein fan de ûntwikkeling fan medisinen tsjin HIV", fertelde Tim Laning fan Grendel Games woansdei by IepenUP Live yn Neushoorn Café. Syn bedriuw út Ljouwert ûntwikkelet programma's dy't benammen yn de soarch, medyske wittenskip en it ûnderwiis tapast wurde.

Laning is yntusken foar de produksje fan syn games nasjonaal en ynternasjonaal al meardere kearen ûnderskieden.

Ate van der Meer fan Snakeware út Snits, as jonkje al hielendal yn 'e besnijing fan old school gaming consoles, stelde dat kompjûters fan de 8bits-generaasje sels de basis lein hawwe foar syn bedriuw yn digitale produksjes. Mei sukses. Njonken Snits hat Snakeware ek noch fêstigingen yn Amsterdam, Grins en New York, wylst de Dútske merk lonkt.

Foar dizze spesjale edysje fan it wyklikse diskusjeprogramma fan Omrop Fryslân en LF2018, stie Neushoorn hielendal fol mei âlde spultsjekompjûters út de samling fan Marvin Droogsma út Harns. Droogsma seach mei foldwaning hoe't it publyk, dat tankber en fanatyk gebrûk makke fan de mooglikheid om fergees te 'gamen', in soad belangstelling toande foar 'syn pronkstikje' de Commodore 64. Want neffens Droogsma is dêrmei alles begûn. Boppedat is it apparaat noch hieltyd de meast ferkochte húskompjûter ea.

Iennichste kompjûterteolooch fan Nederlân

Frank Bosman, de iennichste kompjûterteolooch fan Nederlân, gie dêrnei op syk nei de religy yn fideogames. Neffens him wiene ta syn opluchting yn de measte spultsjes, op in positive wize, kristlike boadskippen opnommen. Ek yn de games mei in soad geweld. Mar fan fideogames dy't troch kristlike producers makke wiene, moast er neat ha. "Die zijn gewoon slecht gemaakt", aldus Bosman.

Sawol Tim Laning as Ate van der Meer hiene noch in boadskip foar âlders dy't fine dat har bern te folle mei kompjûterspultsjes dwaande binne: "Deze kinderen leren snel en met name grafisch denken. En de volgende generatie programmeurs zal niet meer met toetsen werken, maar met name met graphics", sei Van der Meer. "Bovendien leren ze snel fouten ontdekken en oplossen. Het bedrijfsleven zal om ze springen."

Kânsen yn medyske wittenskip

En neffens Laning lizze der foar yntelliginte gamers en spultsje-ûntwikkelders folop kânsen yn de medyske wittenskip. "Zo was men al meer dan vijftien jaar bezig om een doeltreffend middel te ontwikkelen tegen HIV. Maar het was een puzelspelletje dat leidde naar een baanbrekend proteïnenonderzoek voor het uiteindelijke medicijn."

Folsleine útstjoering

Dizze folsleine útstjoering fan IepenUP Live weromsjen? Dat kin hjirûnder.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.

Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

Trefwurden: 
IepenUP Gaming
(advertinsje)