Organisaasje Sinteklaasyntocht Ljouwert is bliid mei útspraak rjochter

Foarsitter Serge Hollander fan de Ljouwerter Sinteklaasyntocht is bliid dat de lanlike yntocht yn Zaanstad net oanpast hoecht te wurden. De stifting Majority Perspective easke yn in koart pleit dat de yntocht sûnder rasistyske kenmerken wêze soe. Sy woene bygelyks dat de Piten net sminke wiene, ek sûnder roetfegen. Dêr gie de rjochter net yn mei.
Serge Hollander © Omrop Fryslân
"Als er steeds dit soort rechtszaken zijn, dan wordt dat heel vervelend", seit Hollander. "Ik denk dat dat ook de bedoeling was van deze groepering. Dus ik ben heel blij dat de rechter daar niet in mee is gegaan."
Diskusje moat kinne, fynt Hollander, mar hy hat it leaver net by in yntocht. "De intocht moet als feest worden gezien en daar horen geen demonstraties bij; niet van voor- en niet van tegenstanders."
© ANP

Aksjefiere by yntochten yn Fryslân

De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet hat earder oankundige dat se takom sneon ûnder oare yn Ljouwert en Dokkum aksjefiere wolle. Hollander wit net oft dat trochgiet: "Want er is nog geen melding binnengekomen bij de gemeente. Maar we zijn altijd op alles voorbereid. Mochten ze komen, dan gaan we ervan uit dat het publiek er geen last van heeft."

Feroaringen yn Ljouwert?

Ek yn Fryslân wurdt praat oer it feroarjen fan de kleur fan Sinteklaas syn help. "We voeren gelukkig altijd deze discussie, want dat hoort bij zo'n organisatie en bij de maatschappelijke discussie", seit Hollander. Dochs feroaret der om him earst neat. "We merken dat Leeuwarden zich de afgelopen jaren zich nadrukkelijk uitsprak voor Zwarte Piet en niet op een andere manier."
Hollander fernimt wol dat der Friezen binne dy't har útsprekke tsjin Swarte Pyt. "Er staan mensen op die willen dat deze discussie plaatsvindt. En we vinden dat je zo'n gesprek moet voeren, maar tot nu toe heeft dat nog niet geleid tot wijzigingen."
Serge Hollander fan de Sinteklaasyntocht yn Ljouwert