Stipe gemeenten oan wurksykjenden suksesfol: mear as de helte hat nij wurkplak

14 nov 2018 - 21:28

De ekstra ûndersteuning dy't de gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel oan wurksykjenden biede, blykt suksesfol. Fan de goed 40 wurksykjenden dy't begjin dit jier ynstreamd binne yn it previnsjeprojekt, hawwe mear as de helte in nij wurkplak fûn. Dêrneist binne der wurksykjenden úteinset mei in oplieding of wurk by in wurkûnderfiningsplak.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

De twa gemeenten binne begjin dit jier begûn mei it saneamde previnsjeprojekt 'Kiezen voor kansen', wêrby't se gearwurkje mei it UWV.

Problemen foarkomme

Wurksykjenden, mei of sûnder ferfolchútkearing fan de gemeente, geane der finansjeel faak flink op efterút as se sûnder wurk komme te sitten of as de útkearing foar in diel fuortfalt. Dat hat konsekwinsjes. It projekt is opset om mooglike problemen foar te kommen. Wurksykjenden mei in ôfrinnende WW-útkearing wurde troch in meiwurker fan de gemeente útnûge foar in foarljochting. Ek eardere selsstannigen, studinten of oare wurksykjenden binne wolkom.

By de foarljochting giet it net allinnich oer in eventuele (ferfolch)útkearing, mar ek oer de kânsen op de regionale arbeidsmerk. Nei de foarljochting wurdt der yn in petear sjoen nei de eventuele mooglikheden fan de dielnimmer en binnen hokker beroppen de kânsen lizze.

De ûnderfining leart dat in soad wurksykjenden graach oan de slach wolle, mar út in berop komme dat se net mear útfiere kinne of wêr't minder mooglikheden yn binne. Troch breder te sjen, komme de wurksykjenden út by beroppen wêr't se earder faak net oan tocht hiene.

(advertinsje)