Nederlaach foar gemeente Skylge: bouproseduere kontroversjeel badhotel moat oer

De gemeente Skylge moat in hiele nije bouproseduere begjinne om it kontroversjele badhotel by Midslân oan see mooglik te meitsjen. Dat hat de Rie fan Steat besletten. Earder wie de gemeente ek al troch de rjochtbank op de fingers tikke. De Rie fan Steat is it iens mei de tsjinstanners: it bouplan wykt te folle ôf fan it badhotel dat der ea foar de oarloch stien hat.
De Hoofdweg yn Midslân © Google Street View
Dêrby falt de Rie fan Steat fral oer de boppeferdjippingen fan it Badhotel. Dêr soene keamers komme moatte foar 122 gasten en in sealekompleks. Neffens it bestimmingsplan fan 1986 mei dat net. It Skylger kolleezje fan boargemaster en wethâlders tocht dat in koarte fergunningproseduere genôch wêze soe, mar de Rie fan Steat giet dêr dus net yn mei.

Langduorjende kwestje

De gemeente hat yntusken al in nije, wiidweidige proseduere op poaten setten. Dan kinne de tsjinstanners, wêrûnder Stichting Ons Schellingerland en in grut oantal omwenners en rekreanten wer beswier meitsje. Sy binne al 2014 dwaande mei har striid tsjin it badhotel.
Sa like de bou yn augustus 2015 los te kinnen, nei't de gemeente Skylge in fergunning ôfjûn hie. Tsjinstanners stapten doe nei de rjochter, om't neffens harren de gemeente hielendal gjin fergunning jaan koe. De beswierprosedueren rûnen nammentlik noch.