Steger yn Drylts wurdt makke fan twaddehânsk materiaal

14 nov 2018 - 19:41

In steger yn Drylts, dy't ferfongen wurde moat, wurdt makke fan opnij brûkte materialen. De gemeente Súwest-Fryslân brûkt dêrfoar de peallen en it hout fan de remmingswurken by de Wetterpoarte yn Snits, dy't dêrfoar ôfrûne wike fuorthelle binne.

It hout foar de steger - Foto: Súdwest-Fryslân

Remmingswurken binne de peallen dy't boaten troch in brêge begeliede. It hout is net mear geskikt om tsjinst te dwaan as remmingswurk, mar kin wol foar oare doelen brûkt wurde.

Wetterbouwer Stienstra & Van der Wal krige de opdracht om yn Drylts in steger te ferfangen. It Dryltser bedriuw stelde foar om dêrfoar âlde materialen te brûken. De kosten fan de steger falle dêrtroch 30 persint leger út yn ferliking mei nije materialen.

"Súdwest-Fryslân zoekt bij voorkeur naar duurzame oplossingen en hergebruik van materialen", seit wethâlder Mark de Man. "Wij zijn dan ook blij met het initiatief van Stienstra & Van der Wal. Op deze manier dragen we ook in de waterbouw bij aan een duurzame gemeente."

(advertinsje)