Húsfêsting arbeidsmigranten hâldt measte Berltsumers net dwaande

It is net echt it praat fan de dei woansdei op strjitte yn Berltsum: de gemeente Waadhoeke dy't it eardere belied oer de húsfêsting fan arbeidsmigranten wer opnij besjocht. Dat beslút foel tiisdei. De gemeente sei doe dat de ynwenners fan de doarpen net genôch by it belied belutsen binne.
Tafelpetear oer arbeidsmigranten
In soad minsken begripe net wat der no krekt besluten is of wêr't krekt op hanthavene wurdt. Omwenners dy't dat wol witte, binne hiel dúdlik yn harren miening. Of se fernimme gjin oerlêst fan arbeidsmigranten, of just wol.

Strjitte stiet fol

Sa fernimt Marten Hoekstra, dy't op tsien meter fan de arbeidsmigranten wennet, dat der nachts in hiel soad auto's parkearje yn de strjitte wêr't in soad kasarbeiders wenje. "Ik kin dan noch kwealik parkearje", seit er. "Ik ha gjin idee wat al dy minsken dêr nachts allegearre moatte, mar de strjitte stiet dan fol."
"Wy binne net sa bliid mei de kasarbeiders dy't sa ticht byinoar wenje", seit bewenner Susan Schram. "De Pôlle soe in wyk wurde foar gesinnen. Ik wol dat ús bern mei freontsjes en freondintsjes boartsje kinne. Der wenje no allinnich folwoeksen manlju en froulju", seit bewenner Susan Schram.

Net isolearre wenje

De migranten moatte neffens doarpsbewenners mear ferspraat wurde. Dan wurde se ek better opnommen yn de mienskip.
"We willen geen isolatie. Dat moet voor de arbeidsmigrant zelf ook heel eenzaam voelen", seit Robert van der Spek fan de Stichting Berlikumer Belangen.