Nije ûnbemanne pomp yn Goutum mei der komme

14 nov 2018 - 18:23

It ferset fan de eigeners fan it Gulf-tankstation oan de Oeriselseleane yn Goutum tsjin de komst fan in nij ûnbemanne tankstasjon flakby har yn de buert, hat neat opsmiten. Dat nije tankstasjon komt oan de Sudertrimdielsdyk, ek by Goutum.

Foto: Google Street View

De eigeners fan de Gulfpomp - dat binne Gjalt en Tjerk Binnema - tinke dat de nije pomp har in soad klanten skele sil. Sy stapten nei de Rie fan Steat. Dêr brochten sy ek yn dat it nije pompstasjon flakby in supermerk komt. Dat soe neffens harren net passe yn it bestimmingsplan. Mar de Rie fan Steat is it dêr net mei iens. De ferkeap fan brânstof soe just wol yn it bestimmingsplan passe.

Neffens Gjalt Binnema siet de gemeente Ljouwert mei it pompstasjon yn de mage. Hy seit dat de pomp earst oan de Tesselschadestraat komme soe, mar omdat it dêr net opsjitte woe, waard de pomp nei Goutum ferpleatst. De Rie fan Steat hat dêr lykwols gjin problemen mei.

Trefwurden: 
Goutum tankstasjon pomp
(advertinsje)