Detinearde ferlinget syn eigen selstraf troch smiten mei urine

In detinearde dy't yn april fan dit jier yn de Marwei yn Ljouwert urine oer in oppasser smiten hat, moat dêr in moanne ekstra foar yn de sel sitte. Dat hat de plysjerjochter woansdei bepaald.
De fertochte wie sels net op de sitting: hy sit noch yn de sel. De man moast op 12 april meidwaan oan in urinekontrôle. De man waard lilk, omdat de oppasser sei dat hy net genôch urine ynlevere hie. Neffens de oppasser waard de man doe sa lilk dat hy him it bakje mei ynhâld yn it gesicht smiet. De man sei just dat hy it bakje op de grûn smiten hie, mar de rjochter gong dêr net yn mei.
De oppasser seit dat hy al 30 jier foar justysje wurke hat, mar dat hy him noch nea sa misledige field hat. De detinearde moat dêrom ek noch 200 euro smertejild betelje.