Soargen De Rouwe oer gefolgen Brexit foar Frysk bedriuwslibben

14 nov 2018 - 17:31

Deputearre Sander de Rouwe makket him soargen oer de mooglike gefolgen fan Brexit foar it Fryske bedriuwslibben. De Rouwe sei dat woansdei by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Fryslân docht relatyf mear saken mei it Feriene Keninkryk as Grinslân en Drinte.

Foto: ANP

Yn totaal docht 6% fan de Fryske bedriuwen saken mei it Feriene Keninkryk. Yn Grinslân is dat 3,5% en yn Drinte minder as 1%. As de Brexit trochgiet, sil de Fryske ekonomy ek mear negative gefolgen dêrfan ha.

De Rouwe wol dat de provinsje it midden- en lytsbedriuw (mkb) yn Fryslân helpt mei it jaan fan ynformaasje en by it finen fan oare lannen as eksportgebiet. De Fryske mkb-bedriuwen binne meastentiids lyts en binne dêrtroch kwetsber, neffens De Rouwe.

Transport en agrofood

Bedriuwen dy't in soad saken dogge mei Feriene Keninkryk binne foaral aktyf op it mêd fan transport en agrofood. It is noch hieltyd net bekend wat de eksakte gefolgen binne foar it bedriuwslibben as der in definityf Brexit-akkoart leit.

Sander de Rouwe

Trefwurden: 
Sander de Rouwe Brexit
(advertinsje)