Mikrofoans fleanbasis Ljouwert moatte dúdlikens jaan oer oerlêst

14 nov 2018 - 16:44

Op fyftjin plakken rûnom de fleanbasis Ljouwert wurde op it stuit mikrofoans pleatst. Se binne ûnderdiel fan it permaninte lûdsmjitnetwurk dat oanlein wurdt om it leven fan de fleanbasis yn de gaten te hâlden. Sa'n netwurk wie lange tiid in winsk fan de omwenners. Se hawwe eangst foar de komst fan de F-35. Dy soe folle mear leven meitsje as de F-16 dêr't no mei flein wurdt. Dat kin no troch eltsenien yn de gaten hâlden wurde.

Der is faaks ûndúdlikens oer oft fleantugen oer doarpen hinne fleane of net. As minsken wat hearre, kinne se fuort op it ynternet sjen wat dat wie. "De belibbing sil altyd bliuwe, mar dy kin no stave wurde mei feiten. En dat jout dúdlikens. Dêr is ferlet fan by omwenners", seit Gerard Veldman, fan doarpsbelang Jelsum-Koarnjum.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma wie by de fleanbasis yn Ljouwert

Mei de resultaten kin ek in ferliking makke wurde mei de F-35, dy't takom jier ynsetten wurdt. Veldman: "In jier foardat de F-35 komt, hawwe wy de mooglikheid om te mjitten wat no it lûd fan de F-16 is. Dan hawwe we ek in fergeliking mei de F-35. Dêr binne wy hiel wiis mei."

(advertinsje)