FIDEO: De Natuerdetektive siket de klimopbij

De natuer is behoarlik ryk. Der fladderje, rinne en groeie yn Fryslân soarten om dêr't de measte minsken noch nea fan heard hawwe. Krekt dy soarten besiket ús Natuerdetektive te finen. In saakkundige jout opdracht, wêrnei't natuerferslachjouwer Remco de Vries deropút giet. Yn dit gefal nei Feankleaster, dêr't mooglik de klimopbij sit. Dat is in ynsektesoart dy't yn de hjerst noch wakker aktyf is.
Op syk nei de klimopbij; de Natuerdetektive