Opknapwurk De Skieding kin los: "De mieningen rinne folslein útinoar"

14 nov 2018 - 16:28

No't Provinsjale Steaten akkoart geane mei it beteljen fan de lêste oanpassings, kin der úteinsetten wurde mei it opknappen fan De Skieding, de dyk tusken Surhústerfean en de A7. It giet om in twadde, ekstra oansluting fan bedriuweterrein Lauwerskwartier yn Surhústerfean en it oanlizzen fan in feetunnel ûnder de dyk troch.

Foto: Omrop Fryslân

De provinsje wol by beide oanpassings de helte meibetelje. By de ekstra oansluting fan it Lauwerskwartier is dat maksimaal 750.000 euro en by de feetunnel maksimaal 150.000 euro. Dêrmei komt in ein oan in jierrenlang proses om de dyk feiliger te meitsjen en it ferkear better trochstreame te litten.

Belangen bedriuwen en omwenners rinne útinoar

De omwenners woenen it leafst dat De Skieding oan de noardkant fan it bedriuweterrein oansletten waard, de bedriuwen leaver de súdkant. Uteinlik kiest de provinsje foar it twadde, mar dat wie in dreech beslút, seit deputearre Sietske Poepjes: "De mieningen rinne folslein útinoar, want it rint ek faak oer it hiem fan minsken. As provinsje ha we nei alles harke. Dus we wolle der wol oan meibetelje, mar in betingst is wol dat it inkeld kin as goed omsprongen wurdt mei de belangen fan de minsken."

It betsjut wol dat guon minsken har hûs kwytreitsje. "Wierskynlik kinne je it op ien hân telle, mar it giet wol om minsken, dus we moatte der foarsichtich mei wêze."

Deputearre Sietske Poepjes oer it jild foar De Skieding

It Lauwerskwartier fertsjinnet dit.

Durk Pool, VVD-Steatelid

De VVD woe graach in hiel nij trasee ha. "We ha doe warskôge dat dizze oplossing djoerder wurde soe en dat der mear hûzen ôf moasten", seit Durk Pool. "Doe waard sein dat dat net sa wie, mar no blykt it dochs sa te wêzen. Mar ja, je winne in slach, je ferlieze in slach. Wy kinne úteinlik wol mei dizze oplossing libje: it Lauwerskwartier fertsjinnet it om in goede, nije oansluting te krijen."

Durk Pool (VVD) oer De Skieding

(advertinsje)