Ried wol jild foar Respons

07 nov 2011 - 22:29

De measte riedsfraksjes yn de gemeente Ljouwert wolle dat de stifting Respons ek takom jier jild krijt foar de opfang en helpferliening oan útprosedearre asylsikers.

Dat dy moandeitejûn bliken by de behanneling fan de begrutting foar 2012. Alhoewol't it tal asylsikers ôfnimt, meitsje noch altyd sa'n 25 minsken gebrûk fan de tsjinsten fan Respons. PvdA, CDA, PAL-Grienlinks, SP en de ChristenUnie wolle dat de organisaasje takom jier 55.000 euro subsydzje krijt foar helpferliening.

(advertinsje)